Springe nei ynhâld

Keizerlike Japanske Marine

Ut Wikipedy
Keizerlike Japanske Marine
flagge embleem

marineflagge

rûndiel
algemiene gegevens
lân Keizerryk Japan
soarte marine
doel ● ferdigening fan Japan
● útfiering fan 'e doelen
    fan it Japanske regear
bysûnderheden
namme folút 大日本帝國海軍,
Dai-Nippon Teikoku Kaigun
("Marine fan it Grutjapanske Ryk")
lokaasje haadkertier Tokio
oprjochte 1868
opheft 1945
sterkte    291.359 man (des. 1941)
1.663.223 man (july 1945)
645 skippen (tot. hiele W.O. 2)
falt ûnder Ministearje fan Marine
offisjele kleuren marineblau en wyt
         

De Keizerlike Japanske Marine (Japansk: 大日本帝國海軍, transliteraasje: Dai-Nippon Teikoku Kaigun, Lûdsfragmint beharkje, betsjutting: "Marine fan it Grutjapanske Ryk") wie de marine fan it Keizerryk Japan fan 'e Meiji-restauraasje fan 1868 oant de kapitulaasje fan Japan yn 1945. As sadanich makke it ûnderdiel út fan 'e Keizerlike Japanske Striidkrêften. Tsjin 1920 wie it de op twa nei grutste marine fan 'e wrâld, nei de Britske Keninklike Marine en de Amerikaanske Marine. De Keizerlike Japanske Marine bestie út trije dielen: de Kombinearre Float, de Keizerlike Japanske Marineloftfearttsjinst en de Keizerlike Japanske Marinelânstriidkrêften. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de Keizerlike Japanske Marine fierhinne ferantwurdlik foar de Japanske oarlochsynset yn 'e Stille Súdsee, en it wie dêrom yn dat konflikt de wichtichste Japanske tsjinstanner fan 'e Westerske Alliëarden. De tsjintwurdige Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht, dy't tusken 1952 en 1954 oprjochte waard, is gjin direkte opfolger fan 'e Japanske Keizerlike Marine.

It Keizerryk Japan hie gjin wichtige marinetradysje, hoewol't ferskate Japanske wakō (kriichshearen of seerôvers) yn 'e Midsiuwen, nei de mislearre Mongoalske ynvaazjes fan Japan troch Kûbilai Khan yn 1274 en 1281, in skoft hiel aktyf wiene mei maritime plondertochten by de kust fan Sina lâns. Yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw, yn it Tiidrek fan 'e Oarlogjende Steaten, bouden ferskate Japanske eallju grutte marines fan ferskate hûnderten skippen, oant de sjogûn Hideyoshi Toyotomi it near lei op seerôverij. De seerôvers waarden dêrnei syn fazallen, wat him by steat stelde om 'e Japanske ynvaazje fan Koreä (1592-1598) út te fieren. Nei de midden fan 'e santjinde iuw rekke it mei de Japanske seefeart lykwols yn it neigean, en kearde Japan him folslein nei binnen ta. Der bestie inkeld noch kontakt mei de keaplju fan 'e VOC dy't op it eilantsje Deshima yn 'e haven fan Nagasaki taholden.

De korvet Kanrin Maru út 1857.

Yn 1853 makken de Feriene Steaten mei geweld in ein oan it isolemint fan Japan doe't in eskader fan 'e Amerikaanske Marine ûnder lieding fan kommandeur Matthew Perry de Baai fan Edo ynfear. Dat barren resultearre yn 1854 yn 'e Konvinsje fan Kanagawa, dy't Japan iepenstelde foar alle bûtenlânske hannel en oare kontakten. Yn 1858 sleat Japan it Ferdrach fan Freonskip en Hannel mei de Feriene Steaten, koarte tiid letter folge troch de saneamde Ungelikense Ferdraggen mei oare Westerske grutmachten. It Tokugawa-sjogûnaat spile op 'e nije sitewaasje yn en stjoerde de samoerai Takeaki Enomoto nei Nederlân ta om kennis oer skipfeart en marine op te dwaan. Men skafte ek moderne oarlochsskippen oan, al holp dat net tsjin it Britske Bombardemint fan Kagoshima yn 1863 of de Shimonoseki-kampanje, in rige bombardeminten dy't yn 1863 en 1864 útfierd waarden troch in koälysje fan it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten, Frankryk en Nederlân.

Yn 1868 late de Meiji-restauraasje yn Japan ta it ûnder fuotten heljen fan it sjogûnaat en de weromjefte fan 'e macht oan 'e keizer. De earste Japanske floatskou fan 'e keizerlike float waard op 26 maart 1868 yn 'e Baai fan Osaka holden, en dat wurdt ornaris as de oprjochtingsdatum fan 'e Keizerlike Japanske Marine beskôge. De keizerlike machtsoername gie net sûnder slach of stjit, en sels nei de kapitulaasje fan Yoshinobu Tokugawa by de Fal fan Edo yn july 1868 gie de striid yn it noarden fan Japan noch troch. Dêr hie Takeaki Enomoto, dy't ûnderwilens de admiraal fan 'e sjogûn wurden wie, him mei de sjogûnale float weromlutsen en yn jannewaris 1869 de Republyk Ezo oprjochte. Yn maaie fan dat jier waarden de opstannelingen troch de nije keizerlike marine lykwols beslissend ferslein yn 'e Slach by Hakodate.

De Slach by Hakodate yn 1869, wêryn't it moderne, keizerlike Japan ôfweefde mei de lêste restanten it sjogûnaat.

Untwikkelings yn 'e 19e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De konsolidaasje fan 'e Keizerlike Japanske Marine fûn plak mei help fan Britske adviseurs, mei't in keizerlik dekreet yn 1870 bepaald hie dat de Japanske marine nei foarbyld fan 'e Britske Keninklike Marine opboud wurde moast ynstee fan nei foarbyld fan 'e Nederlânske Keninklike Marine. De earste aksje om utens fan 'e Keizerlike Japanske Marine wie de ynvaazje fan Formosa yn 1874 (fan it eilân Formosa dat doe ûnderdiel fan it Keizerryk Sina wie). Dêrby fersoarge de marine lykwols inkeld it transport fan troepen fan it Keizerlike Japanske Leger. Yn 1875 begûn mei it Ganghwa-ynsidint, dat útlokke waard troch de Japanske kanonnearboat Un'yō, in perioade fan Japanske yntervinsjes yn it Keizerryk Koreä. Fan gefolgen waard yn 1876 in Japansk-Koreaansk Ferdrach sletten dat ek Koreä iepenstelde foar bûtenlânske hannel. Japan makke dêrby foar it earst gebrûk fan in yntervinsje nei Westerske styl en twong no sels ek in swakker lân ta it sluten fan in ûngelikens ferdrach.

Fan 1882 oant 1893 waard de Keizerlike Japanske Marine gâns útwreide, en yn 'e 1880-er jierren waard in protte oan strategy ôfsjoen fan 'e Frânske saneamde Jeune École ("Jonge Skoalle"), dy't de foarkar joech oan lytsere, fluggere oarlochsskippen, yn it bysûnder krusers en torpedoboaten. Dy ferskowing hie te krijen mei it feit dat it Feriene Keninkryk yn dy snuorje nauwe bannen ûnderhold mei Sina, in tradisjonele fijân fan Japan, wylst de eardere rebel admiraal Enomoto, dy't ûnder syn sjogûnale opstân stipe fan 'e Frânsen krigen hie, fan 1880 oant 1885 minister fan Marine wie. Tsjin 'e ein fan itselde desennium woeks de Britske ynfloed lykwols wer oan, wylst dy fan Frankryk belune.

Yn 1894 en 1895 kaam it einlings ta in iepen oarloch tusken Japan en Sina. Dy Earste Sineesk-Japanske Oarloch waard lykwols foar it meastepart útfochten yn Koreä. Hoewol't de striid fierhinne op lân plakfûn, spile de Keizerlike Japanske Marine in wichtige rol troch de Sineeske Float fan 'e Noardlike Seeën te ferneatigjen yn 'e Slach op 'e Yalu (útfochten op 'e rivier de Yalu). De beide grutte, yn Dútslân makke, izerbeklaaide Sineeske slachskippen Dingyuan en Zhenyuan blieken lykwols fierhinne ûnkwetsber foar de Japanners, wat op 'e needsaak wiisde foar de oanskaf fan gruttere, swierder bewapene skippen. As resultaat fan 'e oerwinning kaam Koreä foargoed yn 'e Japanske ynfloedssfear, wylst Sina by it Ferdrach fan Shimonoseki fan april 1895 ek Formosa (no Taiwan) en de Peskadoares (in lytse arsjipel tusken Formosa en it Sineeske fêstelân) oan Japan ôfstean moast. De Keizerlike Japanske Marine naam besit fan Formosa en drukte dêr tusken maart en oktober 1895 alle wjerstân tsjin 'e anneksaasje bloedich de kop yn.

Port Arthur nei de oerjefte fan it Russyske garnizoen yn 1905, mei yn 'e haven de wrakken fan Russyske oarlochsskippen.

Sina moast ek it Liaodongskiereilân oan Japan ôfstean, mar troch de Triple Yntervinsje fan Dútslân en Frankryk ûnder lieding fan it Keizerryk Ruslân wie it twongen dat gebiet werom te jaan, wêrnei't Ruslân it koarte tiid letter sels yn besit naam. Fan 1895 ôf rekke men der dêrom yn Japan fan oertsjûge dat in oarloch mei Ruslân net oan te ûntkommen wie, en begûn men de kriichsmacht op te bouwen yn tarieding op sa'n konflikt.

Untwikkelings yn 'e 20e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1900 waard Japan foar de earste kear min ofte mear as in gelikense partner akseptearre troch de Westerske grutmachten, doe't it dielnaam oan it delslaan fan 'e anty-Westerske Bokseropstân yn Sina. Dêrfoar levere it lân 20.840 soldaten en matroazen fan in totale Alliëarde troepemacht fan 54.000 man. Yn 1902 gie Japan in militêr bûnsgenoatskip oan mei it Feriene Keninkryk. Yn it ferdrach stie dat as Japan yn oarloch rekke en in trêde lân tsjin Japan fanwegen kaam, it Feriene Keninkryk Japan militêr te help komme soe. Dat wie spesifyk bedoeld om foar te kommen dat Frankryk of Dútslân militêr yngripe soene yn in konflikt tusken Japan en Ruslân.

De langferwachte Russysk-Japanske Oarloch briek úteinlik yn 1904 út. Wylst it Japanske Leger de Russen yn Koreä en Mantsjoerije fersloech, weefde de Keizerlike Japanske Marine ûnder lieding fan admiraal Heihachirō Tōgō yn 'e Slach by Port Arthur fuort oan it begjin fan 'e oarloch al ôf mei de Russyske Float fan it Fiere Easten. Doe't nei in lange, muoisume reis fan 33.000 km de Russyske Eastseefloat op it oarlochstoaniel arrivearre, waard dy frijwol folslein ferneatige yn 'e Slach by Tsushima. Ruslân wie neitiid twongen om by it Ferdrach fan Portsmouth in fernederjende frede mei Japan te sluten.

De Hōshō, wrâlds earste fleandekskip dat ek fan it begjin ôf oan as fleandekskip boud waard, út 1922.

Yngripen fan it Feriene Keninkryk yn 'e striid hie net nedich west, mar doe't it Feriene Keninkryk sels yn 1914 mei it Keizerryk Dútslân en Eastenryk-Hongarije yn oarloch rekke, ferfolle Japan syn ferdrachsferplichtings troch oan 'e Britske kant mei te fjochtsjen yn 'e Earste Wrâldoarloch. De Japanske ynset bleau fierhinne beheind ta it feroverjen fan ferskate Dútske koloanjes yn 'e Stille Súdsee (de Noardlike Marianen en de Karolinen) en fan Tsingtao, de Dútske konsesje oan 'e kust fan Sina. De Keizerlike Japanske Marine naam diel oant it Belis fan Tsingtao en jage it Dútske Eastaziatyske Eskader út 'e Stille Oseaan wei, dat útnaaide nei de súdlike Atlantyske Oseaan en dêr troch de Britten ferdylge waard by de Falklâneilannen. De rest fan 'e oarloch focht Japan net aktyf mei, hoewol't de Keizerlike Japanske Marine op Britsk fersyk konfoaien keapfardijskippen troch de Yndyske Oseaan begelate om se te beskermjen tsjin Dútske dûkboatoanfallen. Foar datselde doel waard yn 1917 in Japansk eskader nei de Middellânske See stjoerd, dat dêr operearre út 'e Britske koloanje Malta wei, en grut súkses hie by it ôfwarren fan Dútske oanfallen op 'e keapfardij. Op Malta stiet noch altyd in monumint foar de 72 Japanske matroazen dy't by de konfoaibeskerming yn 'e Middellânske See omkamen.

Nei ôfrin fan 'e Earste Wrâldoarloch ûntstie der in wapenwedrin op see tusken it Feriene Keninkryk, de Feriene Steaten en Japan. As gefolch dêrfan joech Japan tsjin 1921 likernôch 32% fan syn oerheidsbegrutting út oan 'e marine. Yn 1922 waard it Marineferdrach fan Washington sletten, dat de wapenwedrin oan bannen lei troch beheinings op te lizzen oangeande de hoemannichte slachskippen en krusers dy't elts lân yn aktive tsjinst hawwe mocht. Dêrtroch giene fral Japan en de Feriene Steaten neitiid oer op 'e bou fan fleandekskippen, hoewol't dy noch altyd as minder wichtich as slachskippen sjoen waarden. Tsjin 1941 beskikte de Keizerlike Japanske Marine oer 10 slachskippen, 10 fleandekskippen, 38 krusers, 112 torpedoboatjagers, 65 dûkboaten en in grut ferskaat oan ûnderstypjende skippen, mei in totaal deplassemint fan 180.000 ton. (Ta ferliking: alle skippen fan 'e Amerikaanske Marine hiene yn 1941 mei-inoar in deplassemint fan 130.000 ton.)

In Mitsubishi A6M "Zero"-jachtfleantúch op it Japanske fleandekskip de Akagi, foarôfgeande oan 'e Oanfal op Pearl Harbor.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1937 ôf, doe't de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch útbriek, wie de Keizerlike Japanske Marine yngeand behelle yn 'e militêre operaasjes tsjin 'e Sinezen. Fan ein 1941 ôf moast it Keizerlike Japanske Leger him dêr lykwols sels rêde, mei't de marine doe yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 'e Stille Súdsee en Súdeast-Aazje ynset waard. Dat begûn op 7 desimber 1941 mei de Oanfal op Pearl Harbor, wêrby't in taakgroep fan 'e Kombinearre Float fan admiraal Isoroku Yamamoto ûnder befel fan fise-admiraal Chūichi Nagumo in ferrassingsbombardemint útfierde op it Marinestasjon Pearl Harbor yn Hawaï, mei as doel de útskeakeling fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float. Dat waard nammentlik nedich achte sadat Japan de hannen frij hawwe soe om 'e Amerikaanske, Britske en Nederlânske koloanjes yn Súdeast-Aazje te feroverjen, dy't ûnmisber foar de Japanske oarlochsynset wiene omreden fan 'e foarrieden ierdoalje en oare dylchstoffen dêre.

De oanfal wie mar foar in diel súksesfol. De slachskippen fan 'e Amerikaanske Pasifyske Float waarden foar in perioade fan in inkele jierren útskeakele, mar de fleandekskippen ûntkamen oan it bombardemint om't se op dat stuit net yn Pearl Harbor oanwêzich wiene. Boppedat fersommen de Japanners, mei't se oertsjûge wiene fan harren fermogen om yn in koarte oarloch harren doelen te beheljen, om 'e ierdoaljedepots, de dûkboatbasis en de marineskipswerf fan Pearl Harbor oan te fallen. Nettsjinsteande dat wie de Oanfal op Pearl Harbor foar de koarte termyn in reuseftige oerwinning foar Japan. Dêrop folgen ferskate oare súksessen, wêrûnder it ta sinken bringen fan 'e Prince of Wales en de Repulse, twa Britske slachskippen, foar de kust fan Malakka, en de maklike oerwinning yn 'e Slach yn 'e Javasee, dy't de wei iepenlei foar de Japanske ynfal fan Nederlânsk-Ynje. Yn april 1942 waard de Britske Keninklike Marine troch de Oanfal op Seylon (no Sry Lanka) hielendal út Súdeast-Aazje ferdreaun.

In foto fan 'e lagune Pearl Harbor nommen út 'e cockpit fan in Japanske bommesmiter by de Oanfal op Pearl Harbor op 7 desimber 1941. De foto sjocht út op it súdeasten. Yn 'e midden Ford Island mei syn fleanfjild foar marinefleantugen. Battleship Row, dêr't de slachskippen ôfmarre lizze, is te sjen oan 'e fierste kant fan Ford Island, dêr't ûntploffings it treffen fan 'e slachskippen troch Japanske bommen en torpedo's oanjouwe.

Dêrnei lei de Keizerlike Japanske Marine him ta op 'e eliminaasje en neutralisaasje fan strategyske punten dêr't de Alliëarden tsjinoffinsiven wei begjinne koene. Underwilens wiene de Amerikanen troch de útskeakeling fan harren slachskippen twongen om folslein te fertrouwen op fleandekskippen en dûkboaten. Geandewei de oarloch soe bliken dwaan dat Japan fierstente min ynvestearre hie yn antydûkboatoarlochfiering, mei as gefolch dat de Amerikanen fan 1943 ôf it transport fan oalje en metalen út Súdeast-Aazje nei Japan troch de ynset fan dûkboaten foar in grut part stillizze koene. Tagelyk die ek bliken dat slachskippen al folslein efterhelle wiene, en dat fleandekskippen de takomst fan 'e oarlochfiering op see wiene. Yn 'e Slach yn 'e Koraalsee yn maaie 1942, waard de Keizerlike Japanske Marine twongen en jou syn krewearjen op om Austraalje en Nij-Seelân te isolearjen fan 'e Feriene Steaten en Kanada. Yn juny 1942 waard de Japanske ekspânsje yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan tsjinkeard yn 'e Slach by Midway. De swierste nederlaach, fan Japansk eachpunt út besjoen, wie lykwols de Slach om Guadalcanal yn 'e Salomonseilannen, fan augustus 1942 oant febrewaris 1943, wêrby't de Keizerlike Japanske Marine de útputtingsoarloch ferlear trochdat it net slagge om genôch troepen en materieel fluch genôch yn te setten.

Tsjin 1943 begûn de folle gruttere Amerikaanske yndustry en befolking mei te tellen, dy't makke dat de Alliëarden gewoan folle flugger nij materieel en nije manskippen yn 'e striid smite koene. Fan gefolgen begûn de Keizerlike Japanske Marine him der doe op ta te lizzen om 'e eardere feroverings te ferdigenjen ynstee fan nije feroverings te dwaan. De Amerikanen setten útein mei de strategy fan it eilânspringen, wêrby't se in eilân brûkten as basis om in folgjend eilân te feroverjen, en dat wer brûkten as basis om folgjend eilân te feroverjen, ensfh. Yn Mikroneezje (Gilberteilannen, Marshalleilannen, Karolinen en Marianen) waard fûleindich fochten yn û.m. de Slach om Kwajalein (jannewaris 1944), de Slach om Saipan (juny oant july 1944) en de Slach om Peleliu (septimber oant novimber 1944). Mar al hoe't de Japanners harren warden, de Alliëarden krongen almar fierder op. De nederlaach yn 'e Slach yn 'e Filipinensee, yn juny 1944, wie in ramp foar de Keizerlike Japanske Marine, en de Slach yn 'e Golf fan Leyte, yn oktober 1944, late ta de ferneatiging fan in grut part fan 'e Japanske float.

Neitiid krongen de Amerikanen troch op it eigen grûngebiet fan Japan yn 'e Slach om Iwo Jima (febrewaris oant maart 1945) en de Slach om Okinawa (maart oant july 1945). Yn dy faze fan 'e oarloch naam de Keizerlike Japanske Marine syn taflecht ta ferskate wanhopige maatregels, wêrûnder de ynset fan 'e saneamde 'Spesjale Oanfalsienheden', dy't better bekend waarden as kamikazes. Tsjin maaie 1945 wie it grutste part fan 'e Japanske float ta sinken brocht. Tsjin july fan dat jier wie it slachskip de Nagato it iennichste kapitale skip dat de Keizerlike Japanske Marine noch oer hie. Uteinlik kaam op 15 augustus 1945 mei de kapitulaasje fan Japan in ein oan 'e oarloch.

Under de Besetting fan Japan, dy't dêrnei úteinsette, waard de Keizerlike Japanske Marine op lêst fan 'e Alliëarden opheft. Yn 1947 krige Japan in nije grûnwet, wêrfan't kêst 9 seit: "It Japanske folk swart foar ivich oarlochfiering ôf as in soeverein rjocht fan 'e naasje, en de driging en it gebrûk fan geweld as in middel om ynternasjonale skelen te besljochtsjen." Guon Amerikanen en ek Japanners woene fan Japan in lân sûnder lykfol hokker kriichsmacht meitsje, mar yn in tiid dat de Kâlde Oarloch fluch oanboaze en dat Japan te krijen hie mei agressive kommunistyske buorlannen as de Sovjet-Uny, Noard-Koreä en de Folksrepublyk Sina, wie dat net in helbere kaart. Sadwaande waard yn 1952 in Kustbefeilingsmacht oprjochte, dêr't yn 1954 de hjoeddeistige Japanske marine út fuortkaam, de Japanske Maritime Selsferdigeningmacht.

List fan konflikten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De slachskippen de Yamato en de Musashi yn 1943 yn 'e Lagune fan Truk.

Yn syn skiednis naam de Keizerlike Japanske Marine diel oan de folgjende konflikten:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.