Snilekrûper
snilekrûper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Locustella luscinioides | ||||||||||||
Savi, 1824 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De snilekrûper (Locustella luscinioides) is in sjongfûgel út 'e famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 13,5 oant 15 lang, en 12–24 g swier en hat in soad fan 'e karrekyt. Beide soarten binne foar it meast brúngriis fan boppe, ljocht fan ûnder en mei in smelle ljochte eachstreek, mar de snilekrûper is wat mear grienich op 'e rêch en hat ljocht readbrune, rânige ûndersturtdekfearren. De fûgel hat in sang as dy fan in reidimerke, dy't ek yn it reid libbet mar dan faker yn kombinaasje mei strewellen. De snilekrûper wurdt faker heart as sjoen, mar hy lit him gauer sjen as it reidimerke.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e snilekrûper bestiet út ynsekten, larven en spinnen.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Healwei april komt de snilekrûper nei ús lân om te brieden. It lechsel bestiet út fjouwer oant seis wite aaien mei brune flekken.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De snilekrûper hat in grut ferspriedingsgebiet fan West-Jeropa en Noardwest-Afrika oant de Oeral. In apart gebiet leit yn Kazachstan en Turkmeenje oant de Ob, it noardwest fan Mongoalje en it west fan Tian Shan. Tusken in soad dielen fan it ferspriedingsgebiet yn West-, Midden- en Súd-Europa falle grutte gatten, dêr't de fûgel net foarkomt.
It Jeropeeske oantal wurdt op 530.000 oant 800.000 rûsd. De grutste populaasjes mei yn totaal 360.000 oant 480.000 pearkes komme yn Roemeenje foar.
Nederlân leit oan it rânegebiet fan 'e fersprieding. Sûnt 2000 nimt it tal fûgels in Nederlân ta, dat yn (2018-2020) op 2800-3600 pearkes rûsd wurd. Yn Fryslân komt de snilekrûper û.o. foar yn 'e Lauwersmar, it Bûtenfjild, de Alde Feanen, de Marrekrite, de Makkumerwaarden en de Rottige Meente. Yn Nederlân komt de snilekrûper fral yn it noarden, om 'e Iselmar hinne en de De Biisbosk foar. Yn it easten fan Nederlân komt de fûgel spoaradysk of net foar.
Ein july oant en mei septimber begjinne se oan 'e trek nei de súdlike râne fan 'e Sahara en de noardlike râne fan it sletten reinwâld yn Afrika om dêr te oerwinterjen. De West-Jeropeeske fûgels fleane yn súdwestlike rjochting, wylst de Midden- en East-Jeropeeske fûgels yn súdeastlike rjochting fleane. Yn april komme de fûgels werom.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De snilekrûper hat trije ûndersoarten:
- L. l. luscinioides: fan Europa oant it Oeralberchtme en de Balkan, noardwestlik Afrika.
- L. l. sarmatica: eastlik Oekraïne en súdlik Jeropeesk Ruslân.
- L. l. fusca: fan Turkije en Jordaanje oant Kazachstan.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De totale populaasje fan 'e snilekrûper waard yn 2015 op 800.000 oant 1.500.000 eksimplaren rûsd. Mei't de fûgel ek in grut ferspriedingsgebiet hat, is de kâns op útstjerren lyts. De IUCN beöardielet de soarte dêrom as net bedrige.
Yn 'e jierren 1960 en 1970 waard in soad geskikt leefgebiet troch it drûchlizzen fan sompen ferneatige, itjinge late ta in regionaal tebekrinnen fan de snilekrûper. Op guon lokaasjes ferdwûn de fûgel hielendal. Ek yn Nederlân rûn it tal snilekrûpers tusken 1965 en 1985 bot werom. Dêrfandinne waard de fûgel as kwetsber op 'e Nederlânske reade list set. Neffens SOVON nimt it tal pearkes snilekrûpers ek yn Nederlân sûnt 2010 foars ta. Ek yn it noarden en easten fan Midden-Europa, East-Europa en de Baltyske lannen binne de oantallen tanommen.
Fideo fan sjongende snilekrûper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Snilekrûper yn Nieuwkoop, Súd-Hollân
https://stats.sovon.nl/stats/soort/12380
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside de:Rohrschwirl (ferzje fan 8 jannewaris 2024)
|
- Fûgelsoarte
- Strûksjonger
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara