Springe nei ynhâld

TIE-jager

Ut Wikipedy
In TIE-jager.

TIE-jager (Ingelsk: TIE fighter; útspr.: [ˈtaːi̭fai̭təɹ], likernôch: "taai-fai-tur") is de oantsjutting foar in rige fan besibbe modellen lytse militêre romteskippen út 'e Star Wars-franchise. It binne ienpersoans tastellen, dy't ferlykber binne mei strieljagers. De TIE-jager tanket syn namme oan 'e oandriuwing mei twa ioanemotors, yn it Ingelsk Twin Ion Engines (TIE). It tastel hat in tige futuristysk ûntwerp, mei't it bestiet út twa sinnepanielen dy't mei-inoar ferbûn binne troch in as, mei in bolfoarmige cockpit healwei dy as. De TIE-jager is 7.20 m lang, 6.70 m breed en 8.80 m heech. TIE-jagers binne net inkeld geskikt om har mei stadiger-as-ljochtfaasje troch de romte fuort te bewegen, mar kinne ek brûkt wurde foar sawol atmosfearysk fleanen as ynterstellêre flugger-as-ljochtreizgjen. Yn 'e atmosfear hawwe se in topfaasje fan 1.200 km/o.

TIE-jagers wurde yn it Star Wars-universum makke troch it bedriuw Sienar Fleet Systems. Se binne yn gebrûk by de romtestriidkrêften fan it Galaktysk Keizerryk, dy't se benammen ynset yn 'e Galaktyske Boargeroarloch tsjin 'e romtemacht fan it Rebelleferbûn. TIE-jagers binne moderner en superieur oan 'e X-wjukjagers en Y-wjukjagers dy't de rebellen yn gebrûk hawwe. Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy wurdt in nij model TIE-jager foar de Earste Oarder produsearre troch Sienar-Jaemus Fleet Systems.

De TIE-jager waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It tastel ûntjoech him al rillegau ta ien fan 'e populêrdere eleminten fan Star Wars en waard dêrom fia merchandising ek as boartersguod ferkocht. De TIE-jager waard oarspronklik troch special effects-technikus Grant McCune ûntwurpen op basis fan sketsen dy't tekene wiene troch Colin Cantwell. Filmmakker Joe Johnston foege letter ferskate bykommende eleminten ta, lykas it finster yn 'e cockpit. It ûntwerp fan 'e TIE-jager waard mei opsetsin sa futuristysk mooglik makke yn ferhâlding ta de 'tradisjoneler' foarme X-wjukjagers fan 'e rebellen. It doel dêrfan wie om by it publyk mei de TIE-jager in gefoel fan befrjemding op te roppen, sadat de lju harsels nammenste mear mei de rebellen ferbûn fiele soene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.