X-wjukjager
X-wjukjager of X-wjukstjerrejager (Ingelsk: X-wing fighter of X-wing starfighter) is de oantsjutting foar in rige fan besibbe modellen lytse militêre romteskippen út 'e Star Wars-franchise. Sokke tastellen binne ferlykber mei strieljagers en tankje harren namme oan 'e opfallende X-foarm dy't de (beweechbere) wjukken fan foarren en fan efteren hawwe as se yn 'e oanfalsstân set wurde. De X-wjukjager is in ienpersoans tastel, mei as bemanning ien piloat en ien astromeganisiên-robot. It tastel is 13.40 m lang (de T-65B) mei in breedte fan 11.76 m (ynkl. wjukken), in hichte fan 2.40 m en in gewicht fan 10 ton. X-wjukjagers binne net inkeld geskikt om har mei stadiger-as-ljochtfaasje troch de romte fuort te bewegen, mar kinne ek brûkt wurde foar sawol atmosfearysk fleanen as ynterstellêr flugger-as-ljochtreizgjen. Yn 'e atmosfear hawwe se in topfaasje fan 1.050 km/o.
X-wjukjagers wurde yn it Star Wars-universum produsearre troch de Incom Corporation. Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy binne sokke tastellen, yn 'e foarm fan it model T-65B, yn gebrûk by it Rebelleferbûn yn syn striid tsjin it Galaktysk Keizerryk. Sa wurde se yn 'e films Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) ynset om ôf te weven mei de beide Deadsstjerren dy't it Keizerryk bout. Begjinnend mei de film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) wurdt in nij model X-wjukjager yntrodusearre, de T-70, dy't in promininte rol spilet yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Dêryn wurdt dat tastel troch it Ferset ynset yn 'e striid tsjin 'e Earste Oarder. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Resistance (2018) wurdt noch wer in nijer model brûkt, de T-85.
De X-wjukjager waard yntrodusearre yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. It tastel ûntjoech him al rillegau ta ien fan 'e populêrdere eleminten fan Star Wars en waard dêrom fia merchandising ek as boartersguod ferkocht. De X-wjukjager waard oarspronklik troch special effects-technikus Grant McCune ûntwurpen op basis fan sketsen dy't tekene wiene troch Colin Cantwell. It tastel krige mei opsetsin in folle 'tradisjoneler' oansjen as de folslein futuristyske TIE-jagers fan it Galaktysk Keizerryk. Foar de opnamen fan 'e X-wjukjagers yn 'e oaspronklike Star Wars-trilogy waarden miniatueren brûkt, mar ek yn 'e postproduksje tafoege fisuele effekten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |