De Lytse Jouwer
De Lytse Jouwer | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 70 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 2,47 km², wêrfan: - lân: 2,44 km² - wetter: 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 29 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 01' E | |
Offisjele webside | ||
Side 4hdoarpen | ||
Kaart | ||
De Lytse Jouwer (Nederlânsk en offisjeel: Hiaure) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Lytse Jouwer leit noardlik fan Dokkum, eastlik fan Foudgum, westlik fan Hantumerútbuorren en besuden fan Hantum. De Lytse Jouwer hat 70 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit benammen oan de Hantumerwei by it terpke dêr't de tsjerke op stiet.
De buorskip Lytse Leard heart ek by De Lytse Jouwer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet gjin ienriedigens oer it ûntstean fan de plaknamme. It soe wêze kinne dat de namme fan it Aldfrysk wurd joerd' komt, dat 'plak' betsjut.
Om 1230 wurdt yn in Latynske boarne it plak 'Jeure' neamd, mar it is net wis oft dêr De Lytse Jouwer mei ornearre waard. Yn 1459 waard it doarp 'Hiouren' neamd, yn 1488 'upper Hyowr', yn 1505 'Hyauwre', yn 1511 'op ter Jouwer' en yn 1664 as 'Op de Jouwere'. De tafoege lytse is om it plak te ûnderskieden fan it folle gruttere De Jouwer.
De terp fan it doarp is net heech terp en dat soe der op tsjutte dat dy nei 1000 opsmiten waard, doe't der útein set waard mei it oanlizzen fan diken. Yn dy tiid spielde de see noch geregeldwei oer it kwelderlânskip. Mei't de see op it iene plak mear slyk oanfierde as op oare plakken ûntstienen ferhegings. De huzen waarden, om drûch wenje te kinnen, op dy hichten yn it lân boud. Op plakken dêr't hichten net fier fan elkoar ôf leinen koe in terp boud wurde troch de leechte dertusken op te foljen. Yn De Lytse Jouwer leinen dy hichten lykwols te fier útinoar om der ien terp fan te meitsjen, wêrtroch't pleatsen en huzen in ein fan elkoar leinen. Oan ûnder oaren De Lytse Jouwer is noch te sjen hoe't it earste begjin fan doarpsfoarming west hawwe moat.
Foar de reformaasje foarme De Lytse Jouwer mei Raard, Foudgum en Boarnwert ien parochy, wylst de pastoar yn Boarnwert wenne, Nei de reformaasje waarden allinne de gemeenten De Lytse Jouwer en Boarnwert kombinearre en stie de pastorij op 'e Lytse Jouwer. De wente njonken de tsjerke is de yn 1901 boude pastorij. It efterhûs is lykwols âlder en stamt fan 1751. In klokfoarmige sierlist boppe de tagong fan de âlde pastorij ferhûze by de ferbou fan de pastorij nei de tagong fan de tsjerke fan Boarnwert.
It doarp is altyd lyts bleaun en hat lang wat isolearre lein. Oan 'e ein fan de 19e iuw kaam der in dyk fan De Lytse Jouwer nei Hantum en Dokkum.
De trije states dy't ea op 'e Lytse Jouwer stien ha, wiene al foar 1845 ferdwûn.
Sûnt 2019 leit De Lytse Jouwer yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
De tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan De Lytse Jouwer.
De tsjerke fan no is fan 1869 en ferfong de âlde tsjerke fan dowestien. De Lytse Jouwer hat lang in tsjerklike kombinaasje foarme mei Boarnwert. Under oaren stie dûmny Jan Althuysen dêr. In skoft ferlyn is der in kombinaasje mei Hantum kommen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ynwenners fan De Lytse Jouwer fiele harren ferbûn mei de ynwenners fan Hantum, Hantumerútbuorren en Hantumhuzen. Dy fjouwer doarpen wurde ek wol de '4H-doarpen' neamd. De doarpen jouwe ek mienskiplik it doarpsblêd 'Hichtepunten fan de 4H-doarpen' út. It doarpshûs 'Ald Skoalle' fan de 4H-doarpen stiet yn Hantum.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1608 oant 1899 hie it doarp in eigen skoalle. Ynearsten stie de skoalle efter de tsjerke. It doarp krige yn 1883 in nije skoalle mei in skoalmasterswente oan 'e Hantumerdyk. De skoalle bestie mar út ien lokaal en waard al yn 1899 wer sletten. Nei de ferkeap fan de wente en de skoalle waar it skoalgebou ôfbrutsen en ferfongen troch in boereskuorre. De bern fan 'e Lytse Jouwer geane no nei de kristlike basisskoalle De Fjouwerhoeke yn Hantumhuzen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 124 | 119 | 91 | 87 | 87 | 83 | 70 | 70 |
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen hat in skeaf hjouwer, de ljippen binne ôfkomstich fan it wapen fan dûmny Schregardus, dy't yn de 19e iuw 40 jier dûmny yn De Lytse Jouwer west hat.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Ham, De Wylgen, Hantumerwei, Krûdikker, Lytse Leasterdyk.
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wurkgroep fan 7 persoanen mei as foarsitter Jelle Jan de Wilde: " Oerliz is it heale wurk..., Stinnen de oare helte"
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|