Springe nei ynhâld

Iesumasyl

Ut Wikipedy
Iesumasyl
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Eanjum
Oar
Postkoade 9133
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 6° 08' E[1]
Kaart
Iesumasyl (Fryslân)
Iesumasyl

Iesumasyl is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân en leit yn de himrik fan Eanjum. Besúdwesten de buorskip stiet de om 1850 boude poldermûne De Goes.

Stien út 1671 ta neitins fan de bou fan de slûs

By Iesumasyl komt de Suderie, in âlde seeslink, út yn de eardere Lauwerssee. Al yn 11e iuw moat dêr in slûs west hawwe, mar folle is dêr net oer bekend. Om 1670 hinne waard de syl by Eastrum ôfsletten. Dat betsjutte dat East-Dongeradiel in nij plak sykje moast foar de ôfwettering. De kar foel op Iesumasyl. De Steaten besleaten om dêr de nije slûs Iesumasyl te bouwen.

Yn 1671 waard mei it wurk út ein setten. It tafersjoch kaam yn hannen fan Michael Baron fan Schwartzenberg en Hohelandsberg, grytman fan Dantumadiel, en Philip Vegelin fan Claarbergen, grytman fan Haskerlân. De dyk waard ek ferlein sadat der nij lân kaam.

Der waard ek in goede ôfspraak makke oer de kosten. It gie oars faak sa dat men de lêsten foar de ôffier fan it wetter eins net betelje woe, want dat waard beskôge as in saak foar dejingen dy't ticht by de slûs wennen.

Feroarings oan de syl

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1745 is de slûs fernijd en op 'e nij yn 1931 om't der doe in nij elektrysk gemaal delsetten waard en de slûs troch de pealwjirm (Teredo navalis) oantaast wie[1]. It gemaal Dongeradielen moast der foar soargje dat de Dongeradielsters drûge fuotten holden. De arsjitekt Booijenga hat der in kreas bouwurk fan makke.

Gemaal Dongeradielen

Doe't yn 1969 de Lauwerssee Lauwersmar waard, feroare de funksje fan de syl as seekearing. Om’t it wetterpeil yn de Lauwersmar leger leit as fan de Fryske boezem is de skutslûs bleaun.

It gemaal is sûnt de bou net feroare, allinne waard it yn 1979 automatisearre. As it wetter op in bepaalde hichte stiet, begjinne de pompen fansels te wurkjen.

Iesumasyl soe syn namme krigen hawwe fan de eardere buorskip Iesumabuorren. Der is in teory dat dy de namme wer krigen hat fan de ferneamde stêd Esonstêd. Oft dy stêd der wier ea west hat is lykwols net wis. Iesumasyl waard yn it ferline ek wol Eanjumersyl neamd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje